zachodniofryzyjski
De Fermanje fan Akkrum wie de tsjerke fan de mennisten oan de Buorren yn Akkrum. Sûnt 2007 wurdt it gebou net mear as tsjerke brûkt. Eigner is de stifting Fryske Fermanje. De mennisten fan Akkrum falle hjoeddedei ûnder de mennistegemeente Mid-Fryslân, dy't harren tsjerke yn Grou hawwe.
