⛪ Luogo di culto

Grutte of Sint-Nikolaastsjerke (Eemnes)

frisone occidentale

De herfoarme Grutte of Sint-Nikolaastsjerke stiet oan de Kerkstraat 16 yn Eemnes. De earste tsjerke op dit stee wie in net-wijde houten tsjerke. Dizze waard boud yn de saneamde East-Hollânske tiid. Biskop Jan fan Arkel sloopte dizze tsjerke yn 1348. Yn 1352 krige Eemnes stedsrjochten en ek fergunning om in stienen tsjerke te bouwen, wijd oan de hillige Nikolaas. Oannomd wurdt dat de tsjerke om 1382 klear is, omdat yn dat jier de earste deade yn de tsjerke begroeven wurdt. Yn 1481 wurdt de tsjerke plondere en yn de brân stutsen. Yn 1521 krige de toer syn hjoeddeiske foarm. De tsjerke krige syn besteande uterlik pas yn it begjin fan de 17e iuw, neidat de Spanjerts de tsjerke yn 1574 ferwoaste hienen. Nei meardere restauraasjes yn de 20e iuw waard de toer yn dy perioade 1953-1958 yngreven restaurearre.

Leggi di più su WikipediaFonte: Wikipedia · CC BY-SA 4.0

Hotel nelle vicinanze

Da vedere nelle vicinanze