frisone occidentale
De Herfoarme tsjerke yn Bovensmilde is in wettersteatstsjerke út 1896. Sawol de tsjerke as de njonkenlizzende pastorij binne yn 1995 op 'e list fan 'e ryksmonuminten set. Yn 2010 hat de protestantske gemeente Bovensmilde de tsjerke oerdroegen oan 'e Stifting Het Drentse Landschap. Sûnt 2015 is de stifting ek eigner fan 'e pastorij. Nei in restauraasje makket de protestantske gemeente wer gebrûk fan 'e tsjerke. De pastorij wurdt troch de stifting brûkt as kantoargebou.
