fríština (západní)

De Prins Hindrikbrêge is in tige brede brêge yn it sintrum fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Dit bouwurk is net, sa't faak tocht wurdt, ferneamd is nei prins Hendrik fan Meklenburch-Schwerin, de man fan keninginne Wilhelmina, mar nei prins Hendrik de Seefarder (1820-1879), de jongere broer fan kening Willem III. De brêge oerspant yn noard-súdrjochting de Suderstedsgrêft en ferbynt dêrmei de Prins Hindrikstrjitte, oan 'e noardkant, mei de Sofialeane, oan 'e súdkant. Fuort benoarden en besuden de brêge kruse de Willemskade Noardkant en Súdkant, dy't by de grêft lâns rinne, de Prins Hindrikstrjitte, resp. de Sofialeane.

Číst více na WikipediiZdroj: Wikipedie · CC BY-SA 4.0

Hotely v okolí

Zajímavosti v okolí