De Sint-Margryttsjerke is in tsjerkegebou en ryksmonumint yn Boksum. De eardere herfoarme tsjerke is sûnt 1979 eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken, mar wurdt brûkt troch de protestanske gemeente Boksum-Deinum-Blessum. Ek fine der geregeldwei konserten plak.