⛪ Náboženská památka
Himelfearttsjerke oan de Pokrovkastrjitte (Moskou)
Церковь Успения Пресвятой Богородицы на Покровке
fríština (západní)
De Tsjerke fan de Himelfeart fan de Hillige Jongfaam Marije oan 'e Pokrovkastrjitte wie eartiids ien fan 'e moaiste tsjerken fan hiel Moskou. De tsjerke wie boud yn de styl fan de saneamde Narysjkin-barok ûnder lieding fan 'e arsjitekt Pjotr Potapov. Yn 1936, yn ien fan de fûlste perioades fan ferfolging fan 'e Russysk-otterdokske Tsjerke troch it offisjeel ateïstyske regear, waard de tsjerke ferneatige om't it gebou de frije trochgong fan fuotgongers belemmerje soe.