De Sint-Michaeltsjerke is in roomsk tsjerkegebou oan de Merkstrjitte yn Wâldsein. It is ien fan de tsjerken fan de hillige Kristoffelparochy, dêr't roomsk Bakhuzen, Balk, De Jouwer, Sint-Nyk, Sleat en Wâldsein sûnt 1 jannewaris 2015 by oansletten binne. De Michaeltsjerke is de iennige noch besteande skûltsjerke fan it bisdom Grins-Ljouwert.