De Jehannestsjerke yn Nes is in tsjerke fan de protestanske gemeente Nes-Wierum, Noardeast-Fryslân. Nei't de eardere grifformearde tsjerke De Hoekstien yn Nes sletten waard yn 2017, hold de tsjerklike gemeente noch de twa earder herfoarme gebouwen oer: de Jehannestsjerke en de Marijetsjerke. Yn de gebouwen wurde om bar tsjinsten fierd.